Ik bin by dy sa ticht
Fan tichter triedden
Spint gjin web gjin
Weefsel wint it fan
Us fingers wynt him
Tichter om it libben
Bynt him tichter
Op ’e hûd
Ik bin by dy sa ticht
Sa ticht fan taal en fan
Ferstean te gean dêr’t
Flibe en triennen minge
Dêr’t de grinzen ús
Ferlitte te ferjitten fan
It lichem dat ús dielt
Yn dy en my
Sa ticht – sa ticht
Kin net mear stikken
Stik – stik de triedden tichter
Fan triedden ticht sa bin ik
Sa ticht bin ik by dy
Fan triedden ticht sa bin ik
Sa bûn
Sa frij
Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson