Witst noch wat dyn hert sei
Dy dei dat de leafde oan ’e doar kaam
De klok by healwei seizen
De skimertiid begûn
De krante op ’e tafel
De jirpels op it fjoer
Hiest nimmen mear ferwachte
Dy ferwaaide winterjûn
Witst noch wat dyn hert sei
Dy dei dat de leafde foar de doar stie
De froast rôle de gong yn
Biet dy troch de klean
Do seachst har yn ’e eagen
Mar seachst net wa ’t se wie
Do heardest har wat sizzen
Mar koest har net ferstean
Witst noch wat dyn hert sei
Dy dei dat de leafde by de doar wie
Se stie dêr yn ’e kjeld
Mei blommen yn ’e hân
Freonlik hast betanke
Begriepst net wat se woe
Bist weromgien nei de waarmte
Nei dyn tinzen oan de moarn
Freonlik hast betanke
Begriepst net wat se woe
Se stie mei blommen foar dyn doar
Se kundige de maaitiid oan
Lyrics: Nynke Laverman // Music: Nynke Laverman & Ward Veenstra // English translation: Judith Wilkinson