Eachglânzgjende dei
Nei de ûndersinne
Glinsteret de nacht
Fan de boppemoanne
En de njonkenstjer
Yn ’e dreamwolkendoaze
Fan it njonkelytsensêfterbern
Syn eftereach
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
Yn it molkwite hûs fan de wolken wennet de wyn de wyn de wyn
Sjoch hy hâldt de loft en de fûgels fêst
Skuort de gerdinen fan ’e dei wiid iepen
Sjoch de nachteskaden as hazzen draven as it weeftou fan ’e sinne
Gouden triedden spant tusken dei en dream
Tusken blau en grien
Hearst se de skriezen skrieme
Reindrippen dûnsje pikefel op ’e dyk
Fier yn ’e fierte stiet er
Lyts
Mei de hannen nei de wolken
Nei de loft
Dêr’t de wyn yn wennet
Yn ’e bûsen fan ’e himel
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
Under wolk en blau fleane fûgels de oeren fan ’e klok foarby
Pronket fiere pleats mei glinsterfinsters
Sloegje grouwe dobbelstiennen yn it gers
Boppe op it hynder hobbelet de donder yn duet mei tsjerkeklok
De skiep yn ’e greide spegelje de wolken read
Sjoch de sinne sakket stadich fan ’e stoel
Hearst se de skriezen skrieme
Reindrippen dûnsje pikefel op ’e dyk
En yn dy djippe hichte
Fleanend in fûgel
Bylâns giele linen fan ’e kust
Nei in jong kontinint
Lit my
Yn dy
Skrieme
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
Jou my de eagen fan in bern
En lit my sjen
It lân ropt
De skriezen skrieme
It fynt myn earen net
En de hynders springe
Oer de dobbelstiennen fan ’e kij
It lân ropt
De klokken liede
It fynt myn earen net
Springe oer dy en my
De fierte yn
It lân ropt
It ljocht ferglidet
It fynt myn eagen net
De fierte ûnder wolken
De wolken
Dêr’t de wyn yn wennet
Wennet
Yn ’e dûnkere bûsen
De djippe bûsen
Fan dyn himel
It lân ropt
De sleatten bliede
It fynt myn eagen net
Lyts
En fier
Fljochsto
Lyrics: Nynke Laverman & Tsjêbbe Hettinga | Music: Nynke Laverman & Sytze Pruiksma English translation: Judith Wilkinson