Shows Watch & listen Biography store

songs

Balts

De loft tsjok fan ’e leafde
Kleuret fermiljoen
De maaitiid noeget ús
Foar in earste dûns
De froast ferliest har fingers
Jout it sinneljocht rom baan
Us herten binne ryp
En klear om har te jaan
Mei ik dizze balts
Mei ik dizze balts fan dy
Tear dyn fearren út en dûnsje
Dûnsje foar my

Draach dyn keningskleed parmantich
Draai dyn kleurepracht yn ’t rûn
Set dyn passen krekt en kantich
Stamp it libben út ’e grûn
Pronkje mei dyn poetste fearren
Fluitsje nei de ivichheid
Lit dyn moaiste trillers hearre
En meitsje my ta breid

De loft tsjok fan ’e leafde
Kleuret fermiljoen
De teiwyn breidet in ein
Oan it wreed seizoen
Talryk wienen de stoarmen
Lang de nachtfroast yn it hert
It ranen fan de triennen
In stille winsk is heard
Mei ik dizze balts
Mei ik dizze balts fan dy
Tear dyn fearren út en dûnsje
Dûnsje foar my

Draach dyn keningskleed parmantich
Draai dyn kleurepracht yn ’t rûn
Set dyn passen krekt en kantich
Stamp it libben út ’e grûn

Puedo bailar
Puedo bailar pa ti
Cuando abro yo mis alas
Baila para mi

Pronkje mei dyn poetste fearren
Fluitsje nei de ivichheid
Lit dyn moaiste trillers hearre
En meitsje my ta breid

Meitsje myn hert grut
Meitsje myn wangen read
Meitsje myn hûd sêft
Lis myn ferlangen bleat


Lyrics & music: Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson

Alter

Alter, 2013

Translation

Courtship

The sky dense with love
Turns vermilion
Springtime invites us
To a first dance
The frost loses its fingers
Lets the sun break through
Our hearts are ripe
And ready to let go
May I court you
May I have this courtship dance
Spread your plumage and dance
Dance for me

Strut your royal robe and swagger
Twirl your kingly colours round
Let your steps be sure and edgy
Stamp the life out of the ground
Taunt eternity and whistle
Flaunt your shiny-feathered pride
Let me hear your finest trills
And take me as your bride

The sky dense with love
Turns vermilion
The thaw-wind weaves an end
To the cruel season
Plentiful were the storms
Long the night frost in the heart
The melting of tears
A silent wish has been heard
May I court you
May I have this courtship dance
Spread your plumage and dance
Dance for me

Strut your royal robe and swagger
Twirl your kingly colours round
Let your steps be sure and edgy
Stamp the life out of the ground

I can dance
I can dance for you
When I spread my wings
Dance for me

Taunt eternity and whistle
Flaunt your shiny-feathered pride
Let me hear your finest trills
And take me as your bride

Make my heart big
Set my cheeks on fire
Make my skin soft
Lay bare my desire

Wetter-2.jpg
Update cookies preferences