Wachtsje net
Oant de kjeld komt
Wachtsje net
Oant it liif falt
Ut syn ploai
Tel se net de sekonden
Tusken sykheljen
Sykheljen
Harkje net
Hoe’t de tiid krimpt
Wachtsje net
Oant de geast brekt
Ut syn koai
Tel se net de sekonden
Tusken sykheljen
Sykheljen
Lis my del hjir yn dit leechlân
As de tiid komt om te lizzen
Lis my del en lit my sliepe
De langste sliep
Laitsje my ta lit my noch ien kear
Dyn leafdeseagen lêze
Mar lit my dan allinne
Wy twa meie inkeld
Fan it libben wêze
Wachtsje net
Oant it stil wurdt
Harkje net
Hoe’t de nacht fret
Oan syn proai
Bliuw mar net
Oant de hân dy’t ea fan my
Om dy fan dy socht
Loslit
Lis my del hjir yn dit leechlân
As de tiid komt om te lizzen
Lis my del en lit my sliepe
De langste sliep
Laitsje my ta lit my noch ien kear
Dyn leafdeseagen lêze
Mar lit my dan allinne
Wy twa meie inkeld
Fan it libben wêze
Lyrics: Nynke Laverman // Music: Sytze Pruiksma & Nynke Laverman // English translation: Judith Wilkinson