dit is nacht dit is read
dit is nacht fan reade heupen
dizze stêd flikkeret fan fjoer
alle eagen heine langstme hjir
ik reitsje dy oan, frij dy sa wyld
skuor dy de strjitte oer nei hûs ta
ik tsjoen de leafde skerper hjoed
lit de tafels dûnsje, de rein komme
as ik dy útklaai, es por mi pasión
as ik dy delbêdzje, es por mi pasión
as ik dy nachtryd, es por mi pasión
it bêd hat wol hûndert hoeken hjoed
en dyn hân is in fulkaan en lit my lit
my mar fjoer spuitsje yn dyn heupen
en lit my lit my mar komme yn de rein
as ik dy útklaai, es por mi pasión
as ik dy delbêdzje, es por mi pasión
as ik dy nachtryd, es por mi pasión
Lyrics: Albertina Soepboer Music: Nynke Laverman & Ward Veenstra English translation: Susan Massotty