wêrom fregest my net
hoelang’t ik al wachtsje
delset oan de wei
wylst de loft yn ’e brân stiet
ik wachtsje op dy
yn it koar fan de tonger
ik wachtsje op dy
ik sjong as in slaaf
ik wit dochs wol better
ik learde al myn lessen
dronk wiisheid as wetter
en noch gean ik troch hjirmei
lang, langer, langst
wachtsjend op wûnders
en triljend fan eangst
wêrom seist neat
wêrom ropst net datst my fûn hast
lit my sjen wat ik dwaan kin
mei alles datst my jûn hast
kear myn binnen út
lit myn bonken my rêde
kear myn binnen út
bist al sa tichteby
kinst noch folle, folle tichter
de bliksem slacht yn
en de wrâld draait wylder
en alles driuwt fierder
en fierder útien
de kop fan de hân
de hân fan it hert
ien ding dat wis is
is dat ik him leafhaw
de grûn dy’t him draacht
en de wyn dy’t him keard hat
en noch gean ik troch hjirmei
dei nei dei
en noch gean ik troch hjirmei
no’t ik sein ha
dat ik dy leafha
de grûn dy’t dy draacht
en de wyn dy’t dy keard hat
haw ik dy nedich
net moarn, oait of letter
kom no op myn wei
kom no op myn wei
kom no kom no
kom no op myn wei
sjoch net wer om
en nim my mei
Lyrics: Lhasa de Sela // Frisian (free) translation: Nynke Laverman Music: L. de Sela, J. Lapierre, V. Ségal English translation: Susan Massotty