om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
fan it fertriet sûnder suver wetter
fan de man sûnder it djippe skaad
fan de muorre sûnder houten doar
en om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
mar neist de paden, krekt op de rânen
tusken hege beammen en parkblommen
struit se mais del, as oft se ivich sieddet
de tsjustere stikken stêd net wier binne
en alle minsken har samar groetsje hjoed
om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
fan it fertriet sûnder suver wetter
fan de man sûnder it djippe skaad
fan de muorre sûnder houten doar
en om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
mar de frou, se komt werom mei mais
se sieddet foar de soele wyn dy dei
foar de leafdesdowen op wide pleinen
en foar wat in oare kear wol komme sil
se laket dizze wrâld ta, de frou fan mais
om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
fan it fertriet sûnder suver wetter
fan de man sûnder it djippe skaad
fan de muorre sûnder houten doar
en om de twa heupen fan ’e maisfrou
spielt de rivier, de drôve rivier
Lyrics: Albertina Soepboer Music: Nynke Laverman & Joël Groenewold English translation: Susan Massotty