Shows Watch & listen Biography store

songs

De Dream

Ik soe dy sizze wolle 
Dat ik hieltyd faker dream
Fan hoe’t it libben wêze soe as beam 
As plant as strúk as bûterblom
En dat ik net wit hoe’t it komt
Dat ik sa’n langstme fiel nei bleate fuotten
Yn ’e drek dy’t dolle dolle nei de djipte 
Dêr’t de wjirmen sitte dolle nei it libben 
Koel en ieuwenâld
Dêr’t tiennen woartelsjitte my it opperflak 
Ferjitte litte my foar iens en altyd 
Ferbine mei de wrâld


Dat ik naam wat ik nedich wie
En mei it libben frede hie
Dy nederichheid
Dy tederheid
Begrypst?


Ik soe dy sizze wolle 
Dat ik hieltyd faker dream
Fan hoe’t it libben wêze soe as beam 
As plant as strúk as bûterblom
En dat ik net wit hoe’t it komt
Dat ik sa’n wjerstân fiel tsjin muorren minsken
Muorren minsken grinzen tichter hieltyd tichter
In gesticht fan ûnferskillichheid 
Ik stik - ik moat derút
Soartgenoat op soartgenoat kloatgenoaten
Stapele yn doazen fan beton en dûbel glês
‘Hjir fynst dyn rêst fan nêst oant grêf’
De finzenis dy’t minsdom is
Derút ik moat derút


Untsnappe oan 
De wreedheid
De gretichheid
De leechte
Begrypst?


Ik soe dy sizze wolle 
Dat ik hast net doar te dreamen
Datst dan by my bliuwst
Datst neist my sitten giest
De wangen lâns myn blêden wriuwst
My sûnder taal ferstiest​​  
En steefêst yn ús leafde leaust 


Soest my noch sjen​​​​​
Of wie ik opgien yn de dingen
Yn de dingen sûnder wearde
Dêr’t de minsken noait fan leard ha
Se te sjen


Hiest my ferlern?


Ik soe dy sizze wolle dat ik hieltyd faker dream
Mar ik sis it net
Ik dream


Frij fan taal
Ik kin dy
Gjin wurden
Mear jaan
Gjin wurd
Gjin taal


Lês de leafde
Lês de leafde


Ik drink wetter
Ik jou lucht
Ik nim tiid
Ik draach frucht


Lês de leafde
Lês de leafde


Bliuw by my
Bloei mei my

Lyrics & performance Nynke Laverman | Music Nynke Laverman & Sytze Pruiksma | All instruments Sytze Pruiksma, except: bassPeter Sijbenga | Musical production & recording Sytze Pruiksma | Mix Harry Zwerver | Mastering Darcy Proper

Plant

Plant, 2021

Translation

Beamen-op-e-kop-1-en-uitsnede.jpg
Update cookies preferences