Shows Watch & listen Biography store

songs

Der wie ris

Yn oseanen, yn djipste djipten beskûle
binne se te finen.
Yn oseanen ferriist de flonkerjende wrâld
fan de Ondinen.
In keninklik folkje, dat immer libbet
yn folsleine harmonije.
Want hja hawwe gjin siele dat hja witte net
fan leafde of fan lijen.

Mar in jonge prinsesse, sy woe witte,
sy woe fiele wat it libben die.
Sy stoarre omheech en dreamde oer dy frjemte
dêr ’t sy stiloan mei besibbe wie

Stil, myn leafste, oer leafde net prate no
oer leafde net prate no
Stil, myn leafste, oer leafde net prate no

It fjoer yn har eagen trof de kening,
hy wist: hy hie ferlern.
“Gean dan, myn famke, mar betink dy
dat in siele dy swier weagje sil.
Swier is it langstme, is de leafde;
do draachst har allinne, bern.
Want nea meist diele mei in minske,
wa’sto bist en wa’t dy widze, stil.”

Stil, myn leafste, oer leafde net prate no
oer leafde net prate no.
Stil, myn leafste, oer leafde net prate no

De prinsesse, sy swalke hiel it lân troch
oant syn blik har befrear.
Dronken fan leafde, rêdeleas fereale
en einlings besiele, einlings besiele
Mar leafde sa suver ferdraacht gjin geheimen,
ferdraacht gjin geheimen.
Sy woe har wêzen mei him diele,
wa’t sy wurklik wie net ferswije

Stil, myn leafste, dit mearke
is allang gjin mearke mear.
Foar dy stiet it Ondinebern,
oan wa’t de see har lessen leart.
Leaf, sille wy dan sabeare,
as wiene wy in pear.

Lyrics: Nynke Laverman // Music: Waldemar Bastos

Sielesâlt

Sielesâlt, 2004

Vertaling

Er was eens

In oceanen, in de diepste diepten verscholen
zijn ze te vinden.
In oceanen, verrijst de flonkerende wereld
van de Ondinen.
Een koninklijk volkje, dat immer leeft
in volmaakte harmonie
want zij hebben geen ziel, waardoor zij
geen liefde en geen lijden kennen.

Maar een jonge prinses, zij wilde weten,
Zij wilde voelen hoe het leven was
Zij staarde omhoog en droomde over die vreemde wereld
Waar zij zich stilaan mee verwant voelde

Stil mijn liefste, over liefde niet praten nu
over liefde niet praten nu
Stil mijn liefste, over liefde niet praten nu

Het vuur in haar ogen trof de koning,
hij wist: hij had verloren
“Ga dan, mijn kind, maar realiseer je
dat een ziel je zwaar zal vallen.
Zwaar is het verlangen, is de liefde,
je moet haar alleen dragen, mijn kind,
Want nooit zul je mogen delen met een mens
wie je bent en wie jou stilletjes wiegde”

Stil mijn liefste, over liefde niet praten nu
over liefde niet praten nu
Stil mijn liefste, over liefde niet praten nu

De prinses, zij zwierf heel het land door
tot zijn blik haar bevroor.
Dronken van liefde, reddeloos verliefd
en eindelijk bezield, eindelijk bezield
Maar liefde zo zuiver verdraagt geen geheimen
verdraagt geen geheimen
Zij wilde haar wezen met hem delen,
wie zij werkelijk was niet verzwijgen

Stil mijn liefste, dit sprookje is allang geen sprookje meer
Voor je staat het Ondinekind aan wie de zee haar lessen leert
Lief, zullen we dan doen alsof,
alsof we een paar zijn.

Wetter-2.jpg
Update cookies preferences