Nea giet de poarte iepen. Te heech foar har it finster
Om mear te sjen fan d´ ierde as in fiere dize:
It wetter, yn blauwe bôgen, omearmet it bosk en glinstert
Mei reeën dy´t rank en fûgels dy´t read út grien ferrize.
Fan it libben kin sy neat beskriuwe,
Mar moai moat it wêze, want fjoerich baarnt der in begearen;
In langstme om earmen te fielen en lippen te priuwen.
Har tútsjen fynt neat as d´eigen skouder: rûn en koel en tear.
Lyrics: J.J. Slauerhoff // Music: Custódio Castelo Frisian translation: Nynke Laverman