Shows Watch & listen Biography store

songs

Foar de fiere prins

Nea wer komme wy tegearre:
Wreed twong de wrâld ús nei elts in oare helte.
Wy sjogge soms beide yn ´e nacht nei de stjerren,
Mar de stjêr en de tiid binne nea deselde.

Dyn lân leit sa fier fan myn lân:
Fan it ljocht oant it allerdjipste tsjuster – sa fier,
Dat ik rêstleas op reis, op wjukken fan langstme,
Dy groetsje soe mei twa eagen fan deastriid al skier.

Tink ris, dat it wier is dat troch grutte dreamen
Sels it swierste langstme oerbrocht wurde sil,
Droegen wurde sil nei de allerfierste stjêr:
Eltse nacht sil ik dan komme, by dy.

Lyrics: J.J. Slauerhoff // Music: Custódio Castelo Frisian translation: Nynke Laverman

Sielesâlt

Sielesâlt, 2004

Vertaling

Voor de verre prinses (original)

Wij komen nooit meer saam:
De wereld drong zich tusschenbeide.
Soms staan wij beiden ’s nachts aan’t raam,
Maar andre sterren zien we in andre tijden.

Uw land is zoo ver van mijn land verwijderd:
Van licht tot verste duisternis – dat ik
Op vleuglen van verlangen rustloos reizend,
U zou begroeten met mijn stervenssnik.

Maar als het waar is dat door groote droomen
Het zwaarst verlangen over wordt gebracht
Tot op de verste ster: dan zal ik komen,
Dan zal ik komen, iederen nacht.

Wetter-2.jpg
Update cookies preferences